start your own blog now!
 
Read other blogs...

SKUL BIJ HANKLIT

DE TEKST FAN DE BONDEL FAN 1984, MEI IN PEAR FEROARINGEN

Friday, 23 November 2007

GEART FAN DER MEAR

 

 

SCAN0167 

SKÛL BIJ HANKLIT

 

1984-2007

[mei inkelde Ingelske oersettingen]


 

it lok is net te heinen yn dyn hannen,

do kinst it net ûnttiizje út tiids bannen;

mar ast ferjitst te sykjen, oerstreamt it dij

as tinne dize lette simmerlannen.

 

Sjoch foar in lyts healhûndert oersettings hjirfan:
www.kwatrynynalletalen.motime.com
Sjoch fierders: http://winterkriik.motime.com/



I

soms

 

soms sjochst in stien

dy’t leit te glinst’rjen

yn it sân

mar wolst him mei dyn fingers gripe

troch dyn fingers rûgelt sân.

 

soms yn in dream

is sij in put en

do in stien

do falst en sij falt dij temjitte –

wekker falt der dochs mar ien.

 

soms op in moarn –

nacht is oer en iepen

is ’t gerdyn –

driuwt heech yn ’t blau in reade draak

frij? ûnfrij? o tou, o wyn!


YN IT INGELSK FAN ROD JELLEMA [út Country Fair, 1985]

 

Some Times

 

Some times you catch the glint of a stone

that lies in a startle of light

in sand – and when you try to grasp it

sand runs out between your fingers

 

Some times in a dream

she is a well and

you a stone –

you fall as she falls down to you

but only one of you falls awake*

 

Some times at dawn –

that dark night over, the curtain is now

rung up –

high in the blue a red kite is drifting

free? Not free? o string, o wind!

 

* better soe wêze: but, awake, only one of you is falling

 

twa poalen

 

it is al let. do rinst in eintsje om.

de dyk is leech. do bist folslein allinne

mei dijsels en mei de stilte om dij hinne

en hatest har en witst presys wêrom.

 

let is ’t en bij it krúspunt kinst noch om-

keare, nei har ta. soest har sizze kinne,

ja, wat eins (witst it net), of fierder rinne –

wêrhinne? hâldst fan har? do giest werom,

 

en as in omkearde magneet wurdst lutsen,

nei har ta. do hâldst fan har. it is noch ier,

kinst wer opnij begjinne. dochs silst leare

moatte: kinst nei leafde haat net keare,

en ek: fan haat nei leafde is net sa fier-:

sa’t poalen binne, sûnder wrâld dêrtusken.

 


de selsmoardner

 

yn sparkelweevjend ljocht sweevjend

sylt er troch loften wyt en blau

in twirke struide tûzen stjerkes

doe wie strak en blak it wetter wer

en wetterplanten en omkearde griene wâlen

ferfetten gau har reis yn wyt en blau

en wolkestaasjes dreamden djipper noch as grûnen

fan fierten dy’t hja dochs nea fûnen

en boaiems heger as de sinne

lieten har fertokje om ek earne hinne

 

in wytstirns doek omheech fanút de wolken

en ferdwûn yn flechtsjende wetterkolken

mar spatte midstwa wer – foel de loft wer yn

en gong op syk wer nei syn eigen skyn

 

hij, ien, ûndielber, winskeskou,

libbet yn in ivich no


as nachten langje

 

Blaumûtskes dy’t om koarstkes skarrelje

Wipgatsje foar myn glêzen om. De loft

Struit wyn en kjeld, skerp as in guozzekloft.

Noch even en de flokken warrelje.

Wêr sille jimme keare bij ’t flymjen

Fan ‘e froast? Ha jim wol as de iikhoarn

Foar wintertarring ret? De dei fan moarn

Bringt neat oars as ‘t skerpe hongerpriemjen.

En ik, mar wij – wat ha wij yn simmerlange

Dagen bedijd oan tarspiis foar winters

Lange kjeld? Skientme en jeugd binne flinters,

Waans wjokjen dien is at nachten langje –

Nei hûd, nei eageljocht, wat jout mij wjok,

In kerltsje freugde en in kromke lok?


eckernförder bucht*

 

it kâlde sân draacht dyn gewicht net mear

dyn lichte lea is út it weagjend wetter

riisd en is ferdwûn

en spoaren bin ferwaaid foar no en letter

dyn lûd, en o dyn stim, klinkt dêr net mear

 

in waarme wyn aait dyn gesicht net mear

mar kâlde pûsters ronfelje it wetter

swart. ek is ferdwûn

it weevjen fan dyn hier foar no en letter

dyn laits, en o dyn glim, blinkt dêr net mear

 

dêrjinsen skynt it waarme ljocht net mear

dat myldens oan it breeddynjende wetter

joech. ek is ferdwûn

dyn waarmjend eageljocht foar no en letter

dyn loaits, en o dyn sjen, skynt dêr net mear

 

’t hat west, it is? ** ‘t hàt west – nea sjoch ik mear

dij sa as elemint fan wyn ljocht wetter

sân. it is ferdwûn

wat bliuwt is inkeld langst om wer om letter

te sjen te sjen yn eineleas begear.

 *oan de eastkust fan Sleeswyk-Holstein.

  ** sjoch it fers 't HAT WEST, IT IS fan Obe Postma, út FAN WJERKLANK EN BISINNEN.


toarneroaske

 

myn leaf toarneroaske, ik bin dyn prins.

ik moat (sa wol it lot) dij wekje út

dyn ynwyt sliepen, en mei myn pea dit

swetteleas net-witten tusken de grins

beklamje fan witten en fan langjen,

fan dei en tiid en einichheid, en dyn

blank net-bloeien ferwylje ta de skyn

fan roazeread yn swiet lippeprangjen,

dat alsembitter dyn dyn siele jit

besef fan libben en fan bloei en langst

nei folsleinens, it heechste lok, en ’t bangst

fermoeden dat alles teneate giet.

Och, slomje noch in tel, want dizze pea

Sieddet yn dij it siedsel fan de dea.

 


 

pavane foar in ferstoarne prinses

 

do bist sa tsjep, sa fyn, sa kein, sa tear

dyn lipkes bin sa bleek, sa blau be-iere

dyn hantsjes, dyn teisterkes sa ynfieren,

dat ik mei skerpe kâldens bij begear.

 

dyn kliene fuotsjes triptrapkje net mear,

dyn boarstkes sil gjin dreameprins beriere;

nea sil er dij nei ‘t himelbêd ta fiere,

om’t ik mei skerpe kâldens dij begear.

 

dyn amper jong-bloeien sil nea fergean,

dyn deade laits bliuwt as koel moarmer stean.

 

nea sil dyn fammeflues foar ’t libben wike,

mar mij hast mei dyn wite kjeld ferrike.

 

sjoch, hoe’t ik dyn sulvren koarde brutsen ha,

mei myn wite leafde dij tadutsen ha.


iis

 

hoe rieden wij tegearre oer ’t swarte iis,

mei ’t wite skraabsel waaiend fansiden!

hoe seagen wij ús eigen byld gliden

manmoedich ús slaggen slaand, ûnder ús.

 

hoe frij ha wij swalke op ús tochten,

do nêst mij, licht foaroer, ’t each op ‘e kym,

de wite lannen ljochtsjend en de skyn,

fier, fan ljochte fierten dy’t wij sochten

 

en fûnen faak. ‘k ha dij ek sjoen tsjin mear

as mânselhege reiden, dy’t bûgend

en rizend ferearing dij betsjûgjend,

dij oanbeaën, prinsesse (fan alear,

 

fan ‘n blau, waarm ryk … of eigen fabelwrâld?)

en ‘k ha myn waarme hannen op it iis

lein en ynswart hat it winterskrift ús

sein: tin is de grins en de djipte kâld.

                       OERSET TROCH ALASDAIR MACDONALD:

Ice
How we two flew over the smooth black ice,
The diamond showers up shooting from our feet.
How each the other’s likeness seemed to meet,
In measured challenge matching manly strides.
 
How free we were, alone together going,
You next to me, bending towards land’s rim,
Seeking, beyond cold meadows grey and dim,
The longed-for sunlit plains, remotely glowing,
 
And often gained. I’ve seen you too, my dear,
With more than man-high rushes in deep bow
Showing you rustling homage, princess, how
They worshipped you (lady from yesteryear,
 
Of warm, blue climes … the dream-world of my will?):
Myn hands hot on the ice in vain embrace,
The jet-black letters of this bleak text trace:
The barrier is thin, the deep so chill.
 
[auteursrjochten: Alasdair MacDonald, 2008
--------------------------
gilgamesj, sykje langer net

 

gilgamesj, sykje langer net –

sjoch nei dyn frou, se laket dij ta

mei ljochtsjende eagen, har kleed falt

yn weagen, har boarsten binn’ twa wite dowen delsaaid

yn it fjild, twa boaden fan it hôf achter de kym.

har lippen glimkje iepen

en op har namme dûnset dyn namme

as in flinter nei de blom.

sjoch om, sjoch om!

tink oan har skurte,

’t is dyn hûs mei baarnend fjoer,

dyn waarme doar, en ek dyn koele welle yn strewellen,

jou ’t sykjen oer.

 

sjoch nei jim bern, it jonkje, tink

hoe’t it stapte oan dyn hân,

en snapte oer de fûgels yn it lân.

dêr boartet er mei oaren, springe,

weikrûpboartsje, drave om it hurdst,

en bosterje om knikkerts,

-         witst it noch fan lang ferlyn? –

en as it falt en gûlend oan komt rinnen,

help do dyn frou om te ferbinen

de iepen knibbels en de skinen.

dy dripkes bloed, dy triennen,

dêryn, dêryn is de ivichheid te finen.


strânljip

 

De moarntydswyn kaam, de skaden flechten.

Heech boppe it hûs in iere strânljiprop.

It waarme ljocht dat troch de finsters kroep

Joech jonge dei, en jonge langst rjochte

 

Syn waarmte op har jonge, waarme lea –

Mar se sliepte, yn dreameleaze sliep

Wie se fan langsten frij, en blier lei op

Har foarholle it lichte ljocht, sá blau

 

En myld, dat reade driften fertwirren

Yn dy klearens, as reek ferwaaiend yn

De simmerwyn. Hoeden har azemwyn

Drinkend út fynreade tsjelken, wist er

 

Dat de leafde net wekke wurde wol

Ear’t it harsels haget. En berûze

Fan dy wyn is iere langst weisûze

Ta neat as ’n iere fiere strânljiprop.


ljurk

 

letter, doe’t de wyn al waarmer waaide

en de sinne heger stie, de skaden

oer de ierde koart en swarter waarden,

elk popelblêd in fûnkje hie, saaide

 

mei swang út de stannen de ljurk omheech,

en, de sinne nimmend as syn doel, rjocht

nei boppen warlewjokjend, yn ’n omsjoch

neat as stipke yn ‘e loft, fier omheech

 

de wrâld syn grienens littend, sûgde syn

longen fol mei krûdige maitydslucht,

dat se hast knapten yn dy hege flecht,

en hij syn hertfol heech liet oer de wyn

 

stoarte moast, om yn fleagen te hymjen

nei de sinne – fier, o ûnberikber –

’t ljocht yn te ranen – o, ûnbesteanber –

fallen, dél saaien, hearlik ferbline.


YN IT INGELSK FAN ROD JELLEMA

 

Lark

 

After, when the wind was blowing warm and warmer

and the sun had risen high, the shadows

on the ground were getting short and blacker

and each poplar leaf touched off a spark,

 

the lark swung up from the long grass

and, taking aim at the sun, quickly

whirl-winged up, straight up, in a wink

was only a speck in the sky, leaving

 

far below the green of the world, and breathing

its lungs full of spicy spring air

until they almost burst in that tall flight

so it had to fling its steep heartful of song

 

over the wind, to pant in bursts of breath

to the sun – far, oh impossibly far to fly to –

to melt into light – oh, impossible to reach –

to fall, to swing down, gloriously blinded.

------------------------------------

II

 

reaklif

 

wij hiene fytst. wij sieten op ’t reaklif.

it waar wie skier en near, de kimen sieten

ticht. faaks gong it op in reinen. wij ieten

mei de rêch tsjin rûge stien. o hoe wif

 

wie ’t ljocht ús gund yn dizze inge wrâld,

dêr’t warns mar amper sichtber wie, en dêr’t

loft, lân, see, gjin grinzen hiene, har net

steurden oan de wet fan al ’t bestean – hâld

 

ik fan har, wit ik har lok? -  wiene fragen

dy’t twongen, op in antwurd fergen. wie

der hoop op ea te lêzen dat wat stie

beskûle yn dyn hert (myn hert?) – sill’ dagen

 

fan held’re loften, ljurkesang, mij dit

riedsel noch ferklearje? – doe is in wûnder

bard. myn eagen seagen. lang. en ik fûn dêr

dat loft lân see soms gjin begrinzing wit.

 


grenen*

 

wij hiene rûn. Fiif oeren lang. bolderjend

hie de see ús besâlte en ferdôve

fan Raabjerg Mile ôf, dêr’t we swier tôgje

moasten troch ’t giseljend sân dat, wyt skolprjend

 

fan heechste helmgerstoppen, ús ferbline

hie mei kleur en kerrel, nei Grenen ta,

dêr’t twa streamen nimmer net frede ha,

mar yn ivige botsing inoar fine

 

yn skombrûzjende stegering. Yn ‘t lij

wiene, wurch en ferwaaid, wij einlings kommen

en fûnen doe it wyngerûs ferstomme,

en it weachgebolder fier – ik seach dij

 

oan, en winske dat der dochs ferlossing wie

en dat ús lange swalk dochs lijte brocht –

mar ‘k wist ek, al hoe lang’t ik dij ek socht,

dat moetsjen nea, nea net oars as botsing wie.

 

*de sânige punt fan Jutlân, Grenen, leit presys op de skieding fan it Skagerrak en it Kattegat, dws tusken de streamingen fan de Noardsee en de Baltyske See. Steande op de uterste punt begjint bij jo skuon al dy skieding sichtber te wurden yn in lichte mar dúdlike ronfeling yn it wetter, dy't fierderop yn de see hieltyd heger wurdt yn de foarm fan in soarte fan skomkopjende brâning. Raabjerg Mile is de namme fan it heechste dún yn Europa (sa'n 40 meter heech) en leit oan de westkust. It sân der is ferblynjend wyt, as wie it snie. Dêrwei kin men oer it strân nei Grenen ta rinne, wat likernôch fiif oeren kostet (25 km of mear).


hanklit *

 

brodzich wie ‘t. wij hiene fytst oer ’t eilân

mors. bij glyngøre wien’ we opstapt. doe oer

de sallingsundbrêge it noarden yn. ’t fjoer

fan ‘e sinne, en letter op ôfstân

 

tongergebolder hien’ ús begelaat

nei ’t eindoel: hanklit, steil rizend út ‘e

thisted bredning. wij moasten stean litte

ús fytsen doe. rinnend bij in steil paad

 

op gong it nei de top. wat in hichte,

net? (no ja…) de see! de see! dêr sietsto

dan, mei wite gimkes en ’t hier wat sleau

om ‘e holle (de wyn, no?) de lichte

 

te besjen. ik dij. o mearmin op dyn

rots, o venus anadyomene –

ik seach dyn byld oerstriele en seine

fan ljocht, al wie fan dizen ticht de kym.

 

*Hanklit is de namme fan in kalkstienhichte fan 65 meter heech op it eilân Mors, dat yn Jutlân yn de Limfjord leit, in soarte fan binnensee yn Jutlân, mar wol oan beide kanten yn ferbining mei de see. Net fier dêrwei leit Feggeklit, dêr't neffens de oerlevering Hamlet syn skoanheit Fegge fan ôftrûzele hat. Bij Shakespeare is dat ferhaal fansels wat oars.


skûl bij hanklit

 

gau, gau, nei ûnd’ren! de earste drippen

al! wij sykje ús fytsen op, en flean’ nei

de bedelte, dêr’t wat pleatsen stean. mei

faasje in heaberch yn. neat skine litte

 

(‘t binn’ mar lytse hûntsjes) en de deenske

boer ‘goddag’ tawinskje, dy’t grommeljend

eat grânzget (dat deensk!). hark, hoe’t trommeljend

de buoi op ’t platen tek kletst. ik winskje

 

mij dyn byld foar eagen wer te krijen

dêr op dy rots. mar troch it rûzjen fan

de rein, rook fan stealich hea, ’t sûzjen fan

de wyn ferwaait it as riik. in swijen

 

hinget om ús hinne. mar sjoch, hoe’t yn

ús skymrich skûl dyn antlit sêft yn ‘t ljocht

te brânen stiet fan muorrerútsjes – ‘k socht

om ’t spoar fan doe, fan dij – sjoch wat ik fyn.

 


bij grindelwald I

 

heger, hieltyd heger gean de stuoltsjes

fan de firstbahn. ’t is koel. ’t is stil. lûdleas

is ús rizen út it dal, swierteleas

ús stigen sûnder fal. lichte kuoltsjes

 

roere it blommich gers, de beammen ûnder

ús, delglidend yn it dal. twa gletsjers

komme yn ‘t sicht, goargrien fan ûndren, litt’ se’ ús

hieltyd mear in witer oarsprong, sûnder

 

toarkstient, sjen yn smetleaze iismarren.

dêrboppe tuorkje wite spitsen, gril

en ivich. bestjurre streamen – nea sil

har súvrens, har smerteleas beswarren

 

fan oere’ en dei in lêste gearrin fine

yn elkoar. mar leger wrakselje twa

wetterstreamen, griis, út goargrien iis, ta

op ien stream út twa: schwarze lútschine.

 


bij grindelwald II

 

fanke, wat wiesto moai op dy skeante

doe, op dy gleone dei. anemoanen

ferskeaten, ferhearde alperoazen

skeaten in fjoerreade kaam. ik stean te

 

sjen nei ’t byld fan doe, fan jierren her. in

dia, ûnnoazle lyts, sa yn myn hân –

do seist: sjoch, sa moai dy berch, mar yn sân

hasten moast ik dij tútsje, en wer in

 

kear. wiest alderivichst frou. en de jungfrau

en de silberhorn riisden mei iivge

snie tsjin ’t djippe blau. mar ’t is ferstive,

’t leit ûnferweechlik fêst. doe wie it no.

 

no is it doe. ’t is sûnder kleurgeblink,

ûnnoazle lyts, in dia yn myn hân –

mar hâld ik it foar ‘t ljocht fan myn ûnthâld,

‘t krijt wer ferweech en kleurgeblink, en ’t tink:


egense *

 

yn reiden, rûchte, swarte wiereboel

sitsto, sit ik, wij sjogge foar ús hinne.

de aalborg bugt leit ûnder ‘e hege sinne

de eagen sear te sulverjen. ús doel

 

wie dit eins net, mar ’n boskich sânpaad foel

ús op. wij moasten ’t lêste stikje rinne

troch ’t losse sân. soms fiel’ wij troch ús tinne

klean in streakrich twirke gean: waarm en koel.

 

is hjir gjin tiid, gjin dingen dy’t ús driuwe?

ik woe hjir altyd wol sa sitten bliuwe.

 

sjoch hoe’t it wetter wyt as sulver leit.

‘t is allegear sinne. fjoer. ’t is ivichheid.

 

dat ik huverje. do seist: ‘wat is der?’

‘êê neat ju. kom, wij moatte mar wer fierder.’

   

*Egense leit oan de noardeastkust fan Jutlân, krekt te'n suden fan it Langerak, pal east fan de stêd Alborg.


szene am bach*

 

in dei fan skrouske wyn, lang lang reinen

brocht neitins oan ús tocht fan rothenburg

nei weikersheim, en oan dat brechje oer

de tauber, dêr’t we eefkes ôfstapt wiene.

 

en ik bin dêr wer, en ek myn oankomst

wekket fleurigens,** en yn creglingen

sil we it riemenschneideralter besjen,

en yn weikersheim it schloss. mar do komst

 

nêst mij stean. wij hingje oer de râne

te sjen nei ús ronflich byld yn ’t sljurkjend

wetter. streamend. nea gelyk. is duorjend

it alter? it slot? kin keunst oerwinne

 

wat ús oerwint? nee, ienfâldich beton

is dit brechje. beethoven syn koekút

en kwartel hear ik net. dochs-: ien minút

libbens keunstwurk: do drinkst út dyn bidon.

 

* namme fan diel 2 fan de Pastorale Symfony fan Beethoven

** namme fan diel 1 fan dy symfony: ‘Erwachen heiterer Empfindungen bei der Ankunft auf dem Lande’


grand canyon

 

hjir hat de tiid yn njoggen miljoen jier

mei wetter en mei wyn, mei sinnegloed,

mei kjeld in djippe groede snijd, en ’t bloed

is der nei rûn, oant it bestjurre wie

 

yn ’t hurd bloedread op bergen yn ’n ravyn.

’t ljocht is hjir fel, de skaden binne skerp,

de steilten ûnbetinklik djip. in merk

fan lijen draacht disse oarde sûnt lang lyn,

 

want tiid, yn ‘e gloede fan syn grime

tsjin al wat stiet, hat grammoedich útsnein

al it weakste – wat wjerstie doe noch skeind,